CSL en Stiens fusearje

De fuotbalklups fan vv CSL en vv Stiens wurde mei yngong fan it seizoen 2010/2011 offisjeel ien feriening. Dat hawwe de 650 leden fan beide klups tongersdei besletten. De jeugd en de froulju fan beide ferienings binne al fjouwer jier tegearre. De nije namme wurdt SC Stiens.
CSL spilet yn de tredde klasse fan it sneonsfuotbal. Stiens docht datselde op snein. Stiens bliuwt mei de earste alvetallen op sneon en snein aktyf.